Willem Alexander nei Snits

© Omrop Fryslân
Kroanprins Willem Alexander sil op 18 novimber in besite bringe oan Snits. Hy sil dan it saneamde sanitaasje-systeem Waterschoon yn de Snitser wyk Noarderhoek iepenje. Yn dit systeem wurdt ôffalwetter út húskes en húshâldlik ôffalwetter apart ôffierd.
In lokale suveringsynstallaasje midden yn de wyk makket alles dan wer skjin. Ek it organysk ôffal wurdt fia in keukenfermealler apart ôffierd. Willem Alexander ferrjochtet de offisjele iepening fan it sanitaasjeprojekt.