Fossylfrij Fryslân oprjochte yn oanrin nei KH2018

© ANP
In groep bedriuwen, studinten, oerheden, skoallen, doarpen en oare organisaasjes hawwe moandei de stichting Fossylfrij Fryslân oprjochte. De partijen sille mei elkoar wurkje oan in Fryslân dêr't gjin fossile brânstoffen mear brûkt wurde. Al mear as 60 organisaasjes hawwe har oansletten. Fossylfrij Fryslân is ien fan de projekten fan Kulturele Haadstêd. As foarskot op in Fyslân sûnder oalje en gas soe elk yn de provinsje him twa wiken lang sûnder fossile brânstof ferpleatse moatte, om sjen te litten dat it mooglik is.