Wurkstraf foar brutsen kaak

© Omrop Fryslân
In man út Stiens hat in wurkstraf fan 60 oeren krigen, omdat er syn eks-skoanheit de kaak stikken slein hie. De man fûn dat syn skoanheit in kwalike rol spile hie by de ôfwikkeling fan syn skieding. Doe't er syn soantsje nei in besite werombrocht by syn eks-frou en har heit dêr trof, ûntstie der spul, wêrby't de skoanheit in stikkene kaak oprûn. Neffens de fertochte is dat net mei opsetsin bard, mar it slachtoffer en in tal tsjûgen bestride dat. Njonken de wurkstraf mei de man út Stiens gjin kontakt sykje mei syn eks-skoanheit.