Friezen binne it meast gelokkich fan alle Nederlanners

20 mrt 2017 - 13:56

Friezen binne it meast gelokkich fan alle Nederlanners. Dat docht bliken út sifers fan it CBS. Dat docht sûnt 2013 ûndersyk nei't hoe minsken harren fiele. En der út docht bliken dat fan de Friezen dik 90 prosint seit him as har gelokkich te fielen.

Belangrike oarsaken binne in goeie sûnens, it hawwen fan in relaasje en in soad sosjale kontakten. Jild spilet wol in rol, mar is seker net it belangrykste, seit redaksjechef Dick ter Steege fan it CBS.

Nederlân docht it goed

Nederlân docht it as lân ek goed op de list fan lokkichste lannen yn 'e wrâld. Wy stean op plak seis yn de list fan de Feriene Naasjes, dy't moandei publisearre waard. Op it earste plak stiet Noarwegen, folge troch Denemarken, Yslân, Switserlân en Finlân. De minst gelokkige lannen binne de Sintraal-Afrikaanse Republyk, Burundi en Tanzania.

De list komt ta stân op basis fan in searje fragen oan de ynwenners fan mear as 150 lannen oer saken as ynkommen, sûnens, frijheid en sosjale stipe.

Trefwurden: 
gelok CBS
(advertinsje)
(advertinsje)