Idee links blok goed ûntfongen yn Fryslân

20 mrt 2017 - 13:38

PvdA, GrienLinks en de SP yn Fryslân steane iepen foar in linkse gearwurking sa't PvdA-minister Plasterk dy foar eagen hat. Hy fynt dat de linkse partijen yn de Twadde Keamer gearwurkje moatte ûnder lieding fan Jesse Klaver fan GrienLinks. Plasterk wiist derop dat links as gehiel flink ferlern hat by de ferkiezingen en folslein ferdield is. Troch te gearwurkjen, ûntstiet der ien brede linkse partij, fergelykber mei it Britse Labour. Foarsitter Henk Korthof fan de Fryske PvdA seit op persoanlike titel dat sa'n gearwurking seker wurkje kin.

Ek GrienLinks yn Fryslân fynt it idee fan in linkse gearwurking net ûnlogysk, mar foarsitter Jochem Knol seit tagelyk dat it net te hastich moat. "Dit soart prosessen kostje tiid'', seit er. Foardat der knopen trochhakt wurde kinne, moatte earste alle foars en tsjins fan in links blok yn byld wêze. Knol wiist der ek op dat der net allinnich oerienkomsten, mar ek ferskillen binne tusken de partijen. It tempo dat Plasterk foar eagen hat, giet Knol te hurd. Neffens him is it net reeël om noch foar de gemeenteriedsferkiezingen fan takom jier al ta gearwurking te kommen. De SP yn Fryslân is grut foarstanner fan mear gearwurking op links. "Dêr stean we seker foar iepen'', seit Fenna Feenstra, foarsitter fan de SP-steatefraksje.

Trefwurden: 
PvdA GrienLinks SP polityk
(Advertinsje)
(Advertinsje)