"Jeen Wester wie in ikoan fan de reedrydsport"

Ald-reedrider Jeen Wester fan Earnewâld, dy't dit wykein ferstoarn is, wie in ikoan fan de reedrydsport. Hy fierde grutte súksessen op de langebaan en as maratonrider yn de jierren sechtich en santich. Mar ek wie hy aktyf as organisator. Sa is hy de betinker fan de 100 kilometer fan Earnewâld, dy't yn 1963 foar it earst ferriden waard.
Neffens kenner Eelke Lok wie Jeen Wester in unyk persoan. "It wie in pasjonearre sportman, dy't altyd krekt wat te bot der yn gong en dan ûngemakken krige. Dêrtroch koe er krekt net nei de komplete top ta."
Jeen Wester is 79 jier wurden.