Accolade makket Drachtster flats enerzjyneutraal

Wenningkorporaasje Accolade makket it appartemintekompleks Lange West 70 oant en mei 92 yn Drachten enerzjyneutraal. Der komme sinnepanielen op it dak, de isolaasje wurdt oanpakt en de besteande cv-tsjettel wurdt ferfongen troch in lucht-wetter-waarmtepomp. De gasoansluting ferdwynt hielendal út de flats. Bewenners moatte tenei op elektryske platen itensiede, se hawwe hjir al útlis oer hân.
De hier fan de flats wurdt wol sa'n 80 euro yn de moanne heger. Mar de bewenners besparje gemiddeld 100 euro yn de moane op harren enerzjyrekken, sadat elkenien der eins op foarút giet. Yn totaal kostet it Accolade sa'n 70.000 oant 75.000 euro. Dat bedrach is net fuort wer werom fertsjinne, mar de wenningkorporaasje sjocht it ek as maatskiplike plicht harren wenningbesit duorsum en enerzjysunich te meitsjen.