Ferljochting fytstunnel De Harkema bliuwt oan
De ferljochting yn de fytstunnel ûnder de Betonwei by De Harkema bliuwt diels dochs oan. De gemeente Achtkarspelen woe alle ferljochting út dwaan om't fandalen de lampen regelmjittich slope. Nei oerlis mei pleatslik belang hat de gemeente no oanjûn dat de ferljochting oan ien kant brânen bliuwt.