UNIS Flyers ferliest yn Den Haach mei 5-3

19 mrt 2017 - 20:43
Marco Postma fan UNIS Flyers - Foto: Martin de Jong

De iishockeyers fan UNIS Flyers hawwe sneintejûn de útwedstryd tsjin Hijs Hokij Den Haach mei 5-3 ferlern. Dêrmei stiet it no 1-1 yn de play-offs foar de titel yn de BeNe-League.

It wie in spannende wedstriid wêryn't beide ploegen om beurten de lieding pakten. Pas yn de lêste minuten fan de tredde perioade rûn Hijs Hokij út nei 5-3. De goals foar de Flyers waarden makke troch Pippo Limnell Finocchiaro, Kevin Nijland en Adam Bezak.

Woansdei 22 maart stiet de tredde wedstryd yn de finalerige op it programma. De Flyers komme dan yn aksje yn thússtadion Thialf. De finale wurdt spile neffens it 'bêste fan 5'-prinsipe.

(Advertinsje)
(Advertinsje)