Skutter tsjin sakeman Bert Jonker: "Herken je mij nog?"

19 mrt 2017 - 18:48

De Feanster sakeman Bert Jonker lit him net liede troch eangst, sa seit hy yn syn earste ynterview sûnt it sjitinsidint op 7 jannewaris nei it EK reedriden op Thialf. Hy rekke dêrby ferwûne oan syn hân neidat hy in pistoal tsjin de holle krige. De skutter frege him: "Herken je mij nog?" Syn hân is foar it grutste part opbettere, mar de ûnbefongen hâlding fan de sakeman nei minsken ta is feroare. Hy hat in skoft yn in saneamd safehouse sitten, mar kin him no wer frij bewege.

Dochs is de skutter noch altyd net oppakt. Der is in ynternasjonaal opspoaringsbefel tsjin him útfeardige, hy is mooglik yn it bûtenlân.

Moandei it folsleine ferhaal fan Bert Jonker op 'e radio yn Fryslân fan 'e moarn en op telefyzje yn Fryslân Hjoed.

(Advertinsje)
(Advertinsje)