Sipke Hulshoff: "Spul wie earste 30 minuten grandioas"

19 mrt 2017 - 18:31

SC Cambuur pakte snein in punt yn de útwedstriid tsjin FC Volendam. De Ljouwerters kamen al nei 9 minuten op in 1-0 foarsprong troch in goal fan kluptopskoarer Sander van de Streek. Noch foar it skoft wie it Kevin van Kippersluis dy't de 1-1 makke foar de Volendammers. Yn de twadde helte hie Cambuur it bettere fan it spul, mar dat smiet gjin goals mear op.

Ek trainer Sipke Hulshoff seach dat Cambuur de bettere ploech wie yn Volendam: "Wy spilen de earste 30 minuten grandioas. Nei de 1-0 hiene wy ek trochdrukke moatten nei de 2-0, want wy hiene Volendam op 'e knibbels. Ek yn de twadde helte krigen wy de bêste kânsen. As hjoed ien ploech winne moatten hie, dan wiene wy dat." Dochs wie Hulshoff net al te bot teloarsteld: "It is spitich dat wy de 2-0 net meitsje, want dan fuotbalje we dizze wedstriid gewoan maklik út. No stappe wy hjir mei 1-1 fan it fjild en dêr moast frede mei ha. Volendam is ek gewoan in goeie ploech."

"We waren het even kwijt"

Oanfierder Erik Bakker fûn dat syn ploech it measte rjocht hie op in oerwinning: "Ik baal wel enigszins. Maar we moeten ook reeël zijn dat we een groot deel van de wedstrijd minder goed hebben gespeeld." Dat Volendam weromkomme koe yn de wedstryd hie te krijen mei in taktyske omsetting: "Op een gegeven moment gaan zij sneller druk zetten en wij hadden daar moeite mee. Ze scoren dan die goal en toen waren we het even kwijt." Dochs seach Bakker ek in positive kant fan it lykspul want "een punt bij een ploeg die gelijk met je staat is niet slecht" sa seit er.

"We voetballen voor 3 punten"

Doelpuntemakker Sander van de Streek baalde fan it lykspul: "We voetballen voor 3 punten en ik denk dat we over de hele wedstrijd de betere ploeg zijn geweest. Helaas levert dat maar 1 punt op. Dat is balen. Maar goed, we staan er nog steeds goed voor."

(Advertinsje)
(Advertinsje)