VC Snits wint yn fjouwer sets fan Eurosped

19 mrt 2017 - 17:47
De Snitser froulju - Foto: AWfoto

Yn de kampioenspûl hawwe de follybalsters fan VC Snits yn fjouwer sets wûn fan Eurosped út Almelo. De einstân waard 1-3.

De earste set gie nei de froulju fan Eurosped. Yn de twadde set pakte Snits gau in foarsprong en wûn de set mei 19-25. De tredde set wie spannender, mar gie ek nei Snits mei 25-27. De fjirde set ferrûn wikselfallich mar mei de stân fan 20-25 wisten de Snitser froulju de oerwinning feilich te stellen.

De froulju fan Snits steane op it twadde plak yn de kampioenspûl.

(Advertinsje)
(Advertinsje)