Lykspul foar Cambuur nettsjinsteande betide foarsprong

SC Cambuur hat snein de útwedstryd tsjin Volendam mei 1-1 lykspile. Dermei stean de Ljouwerters no op it sechsde plak yn de earste difyzje. Cambuur begûn goed oan de wedstryd. Nei 9 minuten wie der in sterke aksje fan Stefano Lilipaly oan de rjochterkant fan it fjild. Syn foarset waard troch kluptopskoarer Sander van de Streek binnen sketten. Dêrnei hie de ploech fan trainer Sipke Hulshoff de wedstryd ûnder kontrôle. Dochs waard it 1-1.
Fanút it neat wie it yn de 34e minút Kevin van Kippersluis dy't fry ynsjitte koe. Cambuur hie it dernei lestich mar helle sûnder fierdere skea it skoft.
Yn de twadde helte wie it bepaald gjin heechsteande wedstryd. Volendam wie as earste de gefaarlikste ploech. Sa moast keeper Harm Zeinstra yn aksje komme op in skot fan Volendammer Enzo Stroo. Dernei besocht Cambuur de druk op te fieren en dat slagge. Sa rekke Stefano Lilipaly mei in skot de latte, wiene Jamiro Monteiro en ynfaller Tarik Tissoudali tichtby in doelpunt, mar mear as 1-1 siet der net yn.