Doelpuntleaze wedstriden foar SWS en VV Hearrenfean

Yn de haadklasse A hat Snits Wyt Swart snein mei 0-0 lykspile tsjin SDO út Bussum.
It wie in swier befochten punt foar de Snitsers. Yn de earste helte moast keeper Kevin van der Meulen in pear wichtige rêdingen meitsje. Ek yn de twadde helte wiene de besikers de bettere ploech. Sa rekke SDO krekt nei it skoft de peal doe't Van der Meulen wat te fier foar syn goal stie. Dochs koe Snits stânhâlde en sa in punt pakke. Snits Wyt Swart bliuwt sa op it sechsde plak yn de haadklasse stean.
Ek by Alverna tsjin VV Hearrenfean stie der nei 90 minuten 0-0 op it skoareboerd.