Jurgen Streppel: "Ik heb een geweldige wedstrijd gezien"

19 mrt 2017 - 15:58

SC Hearrenfean ferlear snein mei 2-1 fan koprinner Feyenoord. Yn de earste helte wienen de Feansters noch de baas op it fjild, mar nei it skoft wie dat oarsom.

Trainer Jurgen Streppel baalde dat syn ploech yn de earste helte net trochdrukke koe: "Ik heb een geweldige wedstrijd gezien. Alleen we verzuimen in de eerste helft om de 2-0 en de 3-0 te maken. Als dat gebeurt krijg je in de tweede helft nog meer ruimte. Nu weet je dat zij gaan drukken en hun kans ruiken."

Dochs seach Streppel ek ljochtpunten nei de nederlaach: "Slechter dan vorige week (ferlies tsjin Excelsior) kon ook bijna niet. Ik vind ook dat we een goede wedstrijd hebben gespeeld. Na de winterstop hebben we bij vlagen prima voetbal laten zien, maar we staan elke keer met lege handen. En dat wordt wel vervelend. Dat irriteert mateloos." Hearrenfean hat yn de ôfrûne njoggen wedstriden mar ien kear wûn.

"Misschien wel terecht verloren"

Ferdigener Lucas Bijker wie bot teloarsteld nei de wedstryd. Hy fûn de nederlaach miskien wol terjochte: "Op basis van de eerste helft is de nederlaag onverdiend. Maar op basis van de tweede helft, waar we op het middenveld overlopen worden, is het misschien wel terecht." Hearrenfean moast yn de twadde helte hieltyd fierder achterút, en dat seach Bijker ek: "Ik denk dat we de strijd op het middenveld verloren, en dat we daardoor achteruit werden gedrongen. Dan wordt het lastig tegen Feyenoord."

De ploech út Rotterdam is noch hieltyd koprinner yn de earedivyzje. Kin de ploech kampioen wurde? "Als zij elke wedstrijd dit kunnen brengen terwijl ze niet goed spelen, dan verdienen ze het om kampioen te worden," sa seit Bijker oer de titelkânsen fan Feyenoord.

(Advertinsje)
(Advertinsje)