Eksperimint mei fokseskermen om greidefûgels te beskermjen

19 mrt 2017 - 15:44

Op grûn fan ûnderfinings yn Noard-Hollân soe de yntroduksje fan saneamde fokseskermen yn Fryslân wolris hiele goeie resultaten opsmite kinne. Op ferskate fûgelrike plakken yn Fryslân eksperimintearje natoerbehearders dizze maitiid mei dizze skermen om greidefûgelnêsten te beskermjen. It giet om twa triedsjes mei stroom der op; ien op 15 sintimeter hichte en de oare op 40 sintimeter by in relatyf brede feart.

Hjir is dat noch in proef, mar stifting de Hooge Weide brûkt as partikuliere terreinbehearder de skermen al hiel lang yn in polder by Castricum. En dat docht echt fertuten, seit foarsitter Rienk Slings. It komt wol krekt, mar as je it goed dogge, hâldt it net allinnich foksen, mar ek hûnen prima tsjin. Mei as gefolch dat der folle mear piken fan ljippen, skriezen en tsjirken oerlibje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)