SC Hearrenfean komt krekt tekoart tsjin koprinner Feyenoord

19 mrt 2017 - 14:24
Foto: AWfoto

Der komt mar gjin ein oan de minne rige fan SC Hearrenfean. De ploech fan trainer Jurgen Streppel ferlear sneintemiddei yn it Abe Lenstra Stadion mei 2-1 fan koprinner Feyenoord.

Yn de oantreklike begjinfaze hie Hearrenfean it bêste fan it spul. De Feansters kamen yn de 18e minút fertsjinne op foarsprong troch in benutte penalty fan Reza. Feyenoord kaam yn de twadde helte lykwols sterk werom. Nei ferskate kânsen skoarde Jörgensen de lykmakker en makke Vilhena de 2-1. Yn de spannende slotfaze krigen beide ploegen kânsen, mar it bleau 1-2.

Yn de lêste njoggen wedstriden wûn Hearrenfean mar ien kear en waarden mar 5 punten behelle.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
(Advertinsje)
(Advertinsje)