De striid tsjin gaswinning by Ternaard krijt in nije ympuls

19 mrt 2017 - 13:10

Der is in nije aksjegroep oprjochte tsjin de gaswinning by Ternaard; Ternaard Foar de Wyn. De namme hat alles te krijen mei de ynset fan it doarp foar wynenerzjy. De groep bestiet no noch út sa'n fiif minsken, mar no't der in Facebookside oanmakke is binne der al mear minsken dy't graach meihelpe wolle.

Der binne ek al kontakten mei oare aksjegroepen dy't brûkbere tips jouwe. De groep set alles op alles om de gaswinning troch de NAM by it doarp te kearen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)