Darter Danny Noppert ferliest finale yn Venray

© BDO Darts
Darter Danny Noppert fan De Jouwer hat sneontejûn in finaleplak helle op it HAL Open darttoernoai yn Venray. Yn de finale wie de Ingelskman Mark McGeeney mei 3-1 yn sets te sterk foar Noppert.
McGeeney is op it stuit de man yn foarm by it BDO-bûn, hy wûn oardel moanne lyn ek al de Dutch Open yn Assen. De oare Fryske darters wienen sneon net sa súksesfol. Richard Veenstra fan Ossensyl ferlear noch by de lêste sechtjin fan Christiaan de Boer.
Snein stiet yn Venray ta beslút it HAL Masters toernoai op it programma.