Fleanbasis Ljouwert opnij gasthear Frisian Flag

19 mrt 2017 - 10:13
Foto: ANP

De fleanbasis yn Ljouwert organisearret fan 27 maart oant en mei 7 april wer de ynternasjonale oefening Frisian Flag. Twa wike lang traine jachtfleantugen út ferksate lannen op komplekse misjes yn ynternasjonaal ferbân.

Ljouwert is oanwiisd as trainingsplak om't it ticht by de Noardsee leit en der dêrtroch effektyf oefeningen útfierd wurde kinne. Bewenners fan omlizzende plakken hawwe in brief yn de bus krigen dêr't yn oankundige wurdt dat troch de wike 50 jachtfleantugen twa kear deis starte.

Ek de wike foar de oefeningen sille der mear fleanbewegings wêze.

Tiisdei komme der op de fleanbasis 12 Amearikaanske F-15's oan dy't meidogge oan de oefening.

(Advertinsje)
(Advertinsje)