UNIS Flyers wint nei ferlinging fan Den Haag

18 mrt 2017 - 22:30
Stockfoto - Foto: Martin de Jong

De iishockyers fan de UNIS Flyers ha de earste wedstriid om it kampioenskip fan de BENE-league tsjin HIJS Hokij Den Haag wûn. Yn eigen hûs waard it 4-3.

Nei in fûl begjin en heech tempo fan de teams kamen de Feansters mei 2-0 út de earste perioade. Yn de twadde perioade skoarde de thúsploech de tredde goal. Nei in healoere spyljen slagge it Den Haag om te skoaren. Net lang dêrnei slagge dat wer. Yn de 58ste minút foel de lykmakker. Nei de reguliere spyltiid stie it dus 3-3. Yn 'overtime' skoarde Kevin Nijland sadat de Flyers mei 4-3 wûnen.

De finale bestiet út in bêste fan fiif wedstriden. Snein stiet de twadde wedstriid op it program, de return yn Den Haag tsjin HIJS Hokij.

(Advertinsje)
(Advertinsje)