Tristan Bangma hellet tûzen euro op mei staasjejildaksje

Tristan Bangma © Omrop Fryslân, Andor Faber
Paralympysk sporter Tristan Bangma hat mei syn staasjejildaksje 1.063,90 euro ophelle. Supermerken yn de omkriten fan Donkerbroek dienen mei oan de aksje. Jild fan lege flessen gie nei de Stichting Tristan, dy't dêr in nije karbontandem foar keapje wol, dy kostet 10.000 euro. Tristan hat sneon by de winkels west om it jild op te heljen, hy is hiel wiis mei it bedrach. "Dit was een zeer aangename verrassing en we willen dan ook langs deze weg alle donateurs en winkeliers ontzettend hartelijk danken!!!"
Bangma helle in gouden medalje op de Olympysje Spelen yn Rio en wol troch nei de Paralympyske Spelen yn 2020 yn Tokio, mar kin dat eins net betelje.