Aris ferliest yn Leiden

18 mrt 2017 - 21:49
Foto: Omrop Fryslân

De basketballers fan Aris hawwe sneontejûn yn en tsjin Leiden ferlern mei 82-68. Nei it earste kwart wie de thúsploech krekt wat sterker, 16-14. Yn it twadde kwart waard de achterstân fan de Ljouwerters lykwols in stik grutter, 36-27. Dy efterstân koe net mear ynhelle wurde en nei trije kwarten wie it ferskil noch wer grutter wurden, 62-48. Uteinlik ferlear Aris mei 82-68.

Ferline wike koe Aris ek net winne, doe wie Zwolle de tsjinstanner.

Trefwurden: 
Aris basketbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)