LDODK ferliest lêste kompetysjewedstriid

18 mrt 2017 - 21:44

De kuorballers fan LDODK spilen sneontejûn de lêste kompetysjewedstryd. Tsjinstanner wie Blau Wyt út Amsterdam. De Gordyksters begûnen goed en stienen nei de earste helte foar mei 14–10. Yn de twadde helte krûpten de Amsterdammers lykwols stadichoan tichteby en mei sân doelpunten op rige gongen se sels oer LDODK hinne. De thúsploech joech gjin belies en liet it ferskil net al te bot oprinne. Uteinlik wienen se dochs net sterk genôch en ferlear LDODK mei 27–24.

Snein 26 maart spilet LDODK de earste play-off wedstriid tsjin TOP yn Sassenheim.

Op sneon 1 april treffe beide ploegen inoar yn sportsintrum Koartsweagen op 'e Gordyk. Mooglik komt der ek noch in tredde wedstriid. De winner fan LDODK-TOP spilet op sneon 8 april de finale om it kampioenskip fan Nederlân tsjin de winner fan it twalûk PKC-Blau Wyt Amsterdam. Dy wedstriid is yn it Ziggo Dome.

Trefwurden: 
LDODK kuorbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)