Dronker Drachtster wegeret meiwurking by oanhâlding

18 mrt 2017 - 20:13
Alkoholkontrôle - Foto: ANP

Yn Drachten hat de plysje yn de nacht fan freed op sneon in 30-jierrige Drachtster oanhâlden foar it riden mei drank op. De plysje seach him riden op de Martin Luther Kingsingel en kontrolearre de bestjoerder. Ut de auto kaam in flinke alkohollucht. De man wegere alle meiwurking oan de kontrôle. By syn oanhâlding fersette er him. Hy is mei boeien nei it buro brocht. Ek dêr woe de man net meiwurkje. Syn rydbewiis is ynnaam en hy krijt in proses-ferbaal yn de de swierste kategory foar riden ûnder ynfloed en ek ien foar ferset by oanhâlding.

De man hat de nacht yn de sel trochbrocht en is sneontemoarn heard.

Trefwurden: 
plysje drank Drachten
(Advertinsje)
(Advertinsje)