Fryske Peallen nimt fernijde haadfjild RWF yn gebrûk

18 mrt 2017 - 18:54

Fuotbalklup RWF yn Fryske Peallen naam sneon it fernijde haadfjild feestlik yn gebrûk. Dat barde mei fjoerwurk en ballonnen en troch it earste team. It âlde fjild wie te wiet om goed op te fuotbaljen. It fjild is it ôfrûne jier renovearre troch de gemeente Opsterlân. Read-Wyt Fryske Peallen soarge troch selswurksumheid en sponsoaren sels foar in nij stek. Op it nije haadfjild leit gjin keunstgers, mar echt gers en mei dy kar binne se bliid by RWF.

Neffens foarsitter Elleke van der Velde fuotballet dat nofliker. Boppedat is der de lêste tiid in soad diskusje oer de risiko's fan keunstgers.

Winsken

Foar de kommende tiid hat de klup noch in pear winsken. RWF wol no ek graach it trainingsfjild oanpakke en is dêroer yn petear mei de gemeente. Ek de klupakkommodaasje is ferâldere. De klup soe it gebou graach duorsumer meitsje wolle, sadat ek de enerzjykosten nei ûnderen kinne. Wethâlder Piet van Dijk fan Opsterlân ferwachtet dat de partijen hjir wol yn oerlis útkomme sille. Salang't de partijen yn ûnderhanneling binne wol Van Dyk net sizze hoefolle jild oft de gemeente ynvestearje wol yn sportpark 'De Boskdobbe'.

Ambysje

Fuotbalklup RWF hat 230 leden. It earste team spilet yn de fjirde klasse op sneon, mar hat de ambysje om te promovearjen nei de tredde klasse. Yn de earste wedstriid op it nije haadfjild wûnen se sneon mei 3-1 fan fuotbalklup VVK út de stêd Grins.

Trefwurden: 
fuotbal RWF Fryske Peallen
(Advertinsje)
(Advertinsje)