Fryske JeugdAdviesRaad moet jongerein by polityk belûke

18 mrt 2017 - 18:43
Steateseal

Om jongerein by de polityk te belûken en har ynteresse fêst te hâlden moat der in Fryske JeugdAdviesRaad komme (FJAR). In soad jongeren stimden by de ferkiezingen ôfrûne woansdei en dat wie ien fan de redenen fan de hege opkomst. It inisjatyf foar de advysried komt fan Steatelid Wendy Zuidema-Haans (CDA). Se hat oerlein mei de jeugd-kommissaris Razwan Popal en Vincent Tijseling dy't by de gemeentlike jeugdraden belutsen is.

Neist it CDA wienen VVD, PvdA, D66,CU en PvdD entûsjast oer de FJAR. It foarstel leit by Deputearre Steaten.

De FJAR sil twa oant fjouwer kear yn it jier advys jaan oer ûnderwerpen dy't op de wurklist fan Provinsjale Steategearkomsten stean. It advys is wichtich, mar net binend.

"De FJAR zorgt ervoor dat jongeren al voor ze mogen stemmen, toch hun stem kunnen laten horen. En het borgt dat het een plek krijgt in het besluitvormingsproces door hen te laten presenteren tijdens een Steatemerk", seit Wendy Zuidema-Haans.

(Advertinsje)
(Advertinsje)