Isabelle Diks: "Het was een rollercoaster"

Mear as 28.000 minsken ha ôfrûne woansdei mei de Twadde Keamerferkiezingen stimd op Isabelle Diks fan Ljouwert. De Ljouwerter wethâlder fynt it in oerweldigjend oantal. Se stie op plak 19 op de list foar GrienLinks. "Het was wel een rollercoaster. Ik denk dat de actie 'stem op een vrouw' me heeft geholpen." Se wurdt it earste Fryske Twadde Keamerlid foar GrienLinks. Se soe graach duorsumens yn de portefúlje ha wolle, mar dy ferdieling wurdt nije wike yn de fraksje bepraat.
It wurk sil him foar Diks no ferpleatse nei Den Haach. Se is yn goed Ljouwerter selskip mei nijkommer Harry van der Molen (CDA) en Aukje de Vries (VVD). Mei har trijen binne se de Fryske fertsjintwurdiging yn Den Haach. "Met elkaar gaan we de Friese belangen verdedigen."
Grutsk
Har man Marc Jacobs is fan de VVD, mar hat wol op syn frou stimd. Hy is grutsk op Isabelle. "Ik denk dat de VVD en GroenLinks best met elkaar kunnen samenwerken."