ONS wint by Capelle mei 1-0

18 mrt 2017 - 16:44

ONS Boso Snits hat sneon by Capelle mei 1-0 wûn. De Snitser fuotballers begûnen goed. Fan it begjin ôf oan hiene se it measte balbesit en joegen se gjin kânsen fuort. Yn de 39e minút joech Danny Kampstra nei in moaie aksje de foarset op Yume Ramos dy't de bal ynskeat en sa de 0-1 op it skoareboard sette. It wie alwer de 16e goal fan Ramos.

ONS joech de foarsprong net út hannen, mar fergeat de 2-0 te meitsjen. Se bleaunen wol de bettere ploech, mar it waard wat rommelich op de ein.

Trefwurden: 
fuotbal ONS Boso Snits ONS
(Advertinsje)
(Advertinsje)