FIDEO: Drokte by sjochdagen guod Mata Hari

18 mrt 2017 - 15:41

Dit wykein binne de sjochdagen fan de feiling fan Mata Hari-guod. Dy feiling wurdt op 27 maart hâlden by feilinghûs De Zwaan yn Amsterdam. Op de feiling komt in grut ferskaat oan guod ûnder de hammer. Sa is der in brosj dy't Margaretha Zelle (1876-1917) flak foar har eksekúsje oan in freon mei joech foar har dochter. Ek is in poppeboek dêr't se de earste stappen fan har soan yn optekene. De belangstelling op de sjochdagen is grut.

Nijsgjirrich is ek noch in eigenskreane brief fan Mata Hari. Dêryn kundiget se in optreden oan yn Den Haach. De brief dûkte pas dizze wike op.

Trefwurden: 
Mata Hari feiling sjochdagen
(Advertinsje)
(Advertinsje)