Fjirtich minsken sjonge nije Hea!-liet yn

Yn de grutte studio fan Omrop Fryslân is sneon it nije Hea!-liet opnommen. Fjirtich sjongers en sjongeressen fan alle leeftiden kamen nei Ljouwert om de troch Piter Wilkens skreaune tekst yn te sjongen. Ek binne opnamen makke dy't brûkt wurde yn de fideoklip by it liet. Harkers en sjoggers ha yn de foarm fan wurden en hiele sinnen de yngrediïnten foar it ferske oanlevere. De sjongers binne keazen út de hûnderten oanmeldingen dy't binnenkamen.
De kommende wiken wurdt hurd wurke om it liet ôf te miksen en de fideoklip yn elkoar te setten. Sneon 8 april wurdt it nije Hea!-liet presintearre yn it radioprogramma Sneon yn Fryslân.