Ljouwerter autobestjoerder rydt wetter yn en ferstjert

18 mrt 2017 - 13:22

In 56-jierrige frou út Ljouwert is sneontemoarn ferstoarn neidat se mei har auto yn it wetter bedarre by Oudesluis yn Noard-Hollân. Helptsjinsten wiene der fluch by, mar koenen neat mear foar de frou dwaan. Dûkers fan de brânwacht ha yn de omjouwing noch socht nei oare slachtoffers, mar dy ha se net fûn.

Sneontemoarn waard bekend dat rydskoallehâlders wolle dat der mear omtinken komt foar wat minsken dwaan moatte as se mei de auto yn it wetter bedarje. In kursus hjiroer soe diel útmeitsje moatte fan it lespakket.

(advertinsje)
(advertinsje)