Haven Snits leit fol mei histoaryske skippen om Tsjalkedei

18 mrt 2017 - 13:05

It giet goed mei it behâld fan histoaryske bedriuwsskippen sa as tsjalken en sleepboaten. Dat seit de Frits Veldmeijer fan de feriening fan it behâld fan sokke skippen sneon op de lanlike lededei yn Snits.

It wetter foar de wetterpoarte leit sneon fol mei grutte skippen. Guon skippers moasten in hiel ein farre om dêr te kommen. En foar de measten wie dat de earste kear dit jier, seit Frits Veldmeijer fan de feriening.

Trefwurden: 
tsjalk Snits tsjalkedei
(Advertinsje)
(Advertinsje)