Nieuwe Wegen docht net mei oan ferkiezings gemeenteried

18 mrt 2017 - 12:27

De partij Nieuwe Wegen docht net mei oan de kommende ferkiezingen foar de gemeenteried, en sa't it no liket ek net oan de Steateferkiezingen. Dat seit de listlûker fan de partij, Jacques Monasch, fan Snits. Hy fynt dat lanlike partijen har net bemuoie moatte mei lokaal belied.

Dat syn partij dizze wike net ien sit helle hat by de Twadde Keamerferkiezingen, hat hjir neat mei te krijen, seit er. Partijleden tinke der noch oer nei oft Nieuwe Wegen wol of net meidwaan moat oan de folgjende Twadde Keamerferkiezingen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)