GrienLinks siket opfolger foar Isabelle Diks

De ôfdieling Ljouwert fan GrienLinks hat noch gjin konkrete opfolger foar wethâlder Isabelle Diks. Diks giet sa't it no liket nei de Twadde Keamer. De nûmer 19 op 'e list hie mear as 28.000 foarkarsstimmen en komt dêrom op eigen krêft yn de Keamer.
By PAL GrienLinks sil de kommende dagen sjoen wurde hoe't de opfolging regele wurde sil. De mooglikheid bestiet dat der in wethâlder út de hjoeddeistige fraksje komt of ien fan bûten.
Der binne wol in tal minsken yn 'the picture', mar konkreet is der noch neat, seit foarsitter fan it partijbestjoer fan PAL GrienLinks.
Foar Ljouwert is it de tredde wethâlder yn koarte tiid dy't se kwytreitsje. Earder hat Thea Koster fan it CDA it kolleezje fan b. en w. ferlitten foar in oare baan en ek Harry van der Molen fan it CDA is yn de Twadde Keamer keazen.