Film Joadske brulloft op Israelyske tv

18 mrt 2017 - 09:57

De Joadske troufilm út 1939 dy’t yn jannewaris opdûkte, hat freedtejûn op de nasjonale tv fan Israel west. Yn de reportaazje fan hast 14 minuten fertelt Andre Boers, ien fan de bern fan it breidspear, oer hoe't de film tsientallen jierren yn in koffer lein hat. Ek binne de Ljouwerter Tora-rollen te sjen, dy’t yn de oarloch ferside brocht binne foar de Dútsers. Se binne yn 1965 nei Israel brocht en dêr lizze se yn de synagoge fan Kfar Batya.

De film fan Barend Boers en Mimi Dwinger, dy’t op 18 april 1939 trouden in de synagoge fan Ljouwert, hat in soad losmakke. Fanút de hiele wrâld komme reaksjes fan minsken dy’t mear witte of persoanen op de film herkenne.

Neist de brulloft jout de film ek in unyk byld fan de Joadske mienskip yn Ljouwert flak foar de Twadde Wrâldoarloch. Barend en Mimi hawwe de oarloch oerlibbe, in soad famyljeleden binne yn konsentraasjekampen fermoarde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)