Foarsitter PvdA Fryslân: "Tijd voor verjonging"

De foarsitter fan de Fryske PvdA, Henk Korthof, is net fernuvere oer it opstappen fan Hans Spekman as partijfoarsitter fan de PvdA, kommende oktober. Neffens Korthof lei dit yn de lijn der ferwachting nei it dramatyske ferlies fan de partij by de Twadde Keamerferkiezingen fan ôfrûne woansdei.
Korthof fynt dat it no tiid is foar ferjonging by de partij. "Je ziet dat het bij GroenLinks heeft geholpen en bij ons zou het ook niet verkeerd zijn de jeugd erbij te betrekken. Er is genoeg talent aanwezig om zo'n verjonging door te voeren."
Stoom ôfblaze
De PvdA hâldt sneontemiddei in partijkongres yn Utrecht om de ferkiezingsútslach te bepraten. Korthof ferwachtet dat dêr gjin konkrete besluten naam wurde: "Het wordt vooral stoom afblazen na de verkiezingen." Wol hoopt er dat de rijen sluten hâlden wurde en dat der in goed plan foar de takomst makke wurdt.