Froulju SC Hearrenfean ferlieze mei 2-1 fan PSV

17 mrt 2017 - 21:50
Foto: Martin de Jong

De froulju fan SC Hearrenfean ha freedtejûn ferlern fan PSV. Op Sportpark Skoatterwâld waard it 2-1 foar de ploech út Eindhoven. Yn de earste helte barde der net in soad. De stân by rêst wy dan ek 0-0. Nei rêst waard de wedstriid in stik aardiger. Yn de 56e minút skeat Lewerissa de 0-1 binnen foar PSV. Goed tsien minúten letter ferdûbelen de Eindhovenaren harren foarsprong. Van Schijndel makke de 0-2. Yn de 77e minút makke Hearrenfean it dochs wer spannend en sette Simone Kets de 1-2 op it boerd.

Hjir bleau it úteinlik by en sa gongen de trije punten nei Eindhoven.

(Advertinsje)
(Advertinsje)