Friesland Boating stekt twa miljoen euro yn flústerboaten

18 mrt 2017 - 11:00

Boatsjeferhierder Friesland Boating yn Koudum ynvestearret twa miljoen euro yn elektrysk farren. It bedriuw sil alve âlde 'narrowboats' ferbouwe ta elektryske flústerboatsjes. Alle boaten krije de namme fan ien fan de stêden fan de Alvestêdetocht. Hoe grutter de stêd, hoe grutter de boat. Doel is ek dat minsken dy't de boatsjes hiere sille, de alvestêderûte farre sille. De earste boat is al klear en direkteur Gerben Zwerver hopet dat yn 2018 de oare tsien klear binne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)