Kramer en Ritsma net iens mei krityk fan ISU op Oranje

17 mrt 2017 - 20:49

Sven Kramer en Rintje Ritsma binne it net iens mei de krityk fan foarsitter Jan Dijkema fan de ynternasjonale reedryduny ISU nei oanlieding fan de goede prestaasjes fan de Nederlânske reedriders. Neffens Dijkema binne dy in probleem foar it wrâldwide reedriden. "Nederlân rint gewoan foar op de oare lannen en yn myn optyk diele wy al tefolle kennis. Der komt in kear in kentering en dan ropt elkenien wer dat we tefolle fuortjûn ha. Der ha al allegear regleminten west om it Nederlân dreger te meitsjen", sa sei Kramer freed yn Fryslân Hjoed.

Omkeard effekt

Neffens Kramer ha dy maatregels it omkearde effekt. "Wat je úteinlik krije: Nederlân hat minder startplekken, de konkurrinsje yn Nederlân wurdt dan noch grutter en dus giet it nivo allinnich mar omheech. It wurdt dreger om dy derby te riden, dus elkenien moat better wurde."

Negative ynstek

Ek Rintje Ritsma is net bliid mei de útspraken fan Dijkema. "It is einliks in negative ynstek rjochting Nederlân, wylst it júst sa posityf is dat it yn Nederlân sa goed giet mei it riden. Se moatte soargje dat de oare bûnen genôch kennis krije en dat se dêr wat op tou sette sadat de jeugd ride kin." Neffens Ritsma rinne de oare lannen achter de feiten oan. "Sven set in heech nivo del, mar dat soe in standert wêze moate foar elkenien. Se ha te lang wachte om dat gat te tichtsjen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)