Telefoansteuring by Antonius Sikehûs wer foarby

17 mrt 2017 - 17:11
It Antonius sikehûs yn Snits - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De telefoansteuring by it Antonius Sikehûs yn Snits is wer oplost. It sikehûs wie sûnt in oere as tsien freedtemoarn telefoanysk net berikber op de fêste nûmers troch in steuring fan Ziggo. Om healwei fiven middeis wie de steuring wer foarby. It sikehûs hie it "needplan berikberens" út de kast helle en neffens in wurdfierder fan it sikehûs hat dat goed wurke.

(Advertinsje)
(Advertinsje)