Kampioensskûtsje Engelina Smeltekop wurdt ferkocht

IFKS © Omrop Fryslân
It kampioensskûtsje Engelina Smeltekop docht kommende simmer foar it lêst mei oan de lytse A-klasse fan de IFKS. De folsleine bemanning stapt dêrnei oer op in nij skûtsje, de Sterke Jerke. Dat komt takom jier út yn de C-klasse, de leechste klasse bij it Iepen Frysk Kampioenskip.
It skûtsje is oankocht troch Piter Kooi fan Kooi Security. Hy en skipper Pieter-Jilles Tjoelker en twa bemanningsleden woene al langer yn de grutte klasse sile. Op De Lemmer fûnen se in skûtsje dat se keapje koene. De Engelina Smeltekop komt te keap.