Wethâlder skept beton foar nijbou sporthal Dokkum

17 mrt 2017 - 16:23

De nijbou fan de sporthal fan Dokkum is freed offisjeel úteinset. Wethâlder Pytsje de Graaf skepte beton yn de lêste peal dy't de grûn yngien is. No kin de bou echt los. Yn Dongeradiel is jierrenlang diskusearre oer nijbou of renovaasje fan de sporthal. Ynearsten woe de ried dat de besteande sporthallen opknapt wurde soene. B. en w. wiene foar nijbou op it Tolhûspark by it swimbad. De ried hat úteinlik ek foar dy opsje keazen omdat it goedkeaper en better is. Boppedat binne sportfasiliteiten op dizze wize sintrearre op ien plak.

De nijbou kostet 4,5 miljoen euro. As alles goed giet kin der yn jannewaris 2018 sport wurde yn de nije hal.

Trefwurden: 
sporthal nijbou Dokkum
(Advertinsje)
(Advertinsje)