Tytsjerksteradiel jout in euro de ynwenner oan KH2018

17 mrt 2017 - 15:50
Kulturele Haadstêd Ljouwert: 'Hollânsker is der net'...... - Foto: Omrop Fryslân, Eduard Rekker

Tytsjerksteradiel stelt ien euro de ynwenner beskikber oan de organisaasje fan Kulturele Haadstêd. It jild is bedoeld foar promoasjemateriaal fan KH2018. Undernimmers en organisatoaren fan eveneminten kinne der gebrûk fan meitsje. De boargemasters Crone fan Ljouwert en Van Bekkum fan Smellingerlân diene lêsten de oprop oan gemeenten om in euro de ynwenner te jaan. Dêrmei soene gemeenten stipe fan de organisaasje fan Kulturele Haadstêd krije kinne by de promoasje fan eveneminten dy't takom jier organisearre wurde bûten Ljouwert sels.

(Advertinsje)
(Advertinsje)