Isabelle Diks fan GrienLinks dochs nei de Twadde Keamer

17 mrt 2017 - 15:48

Isabelle Diks fan GrienLinks krijt sa't it no liket dochs in sit yn de Twadde Keamer. Se hat safolle foarkarstimmen krigen, dat se rjocht hat op in setel. Se hat mear as 20.000 foarkarstimmen krigen, foar in setel wie goed 17.000 nedich. Diks siet earder yn de Twadde Keamer, sy ferfong doe tusken 1 septimber 2007 en 1 jannewaris 2008 keamerlid Mariko Peters. Se is sûnt 2008 wethâlder yn de gemeente Ljouwert. Tiisdei wurdt de definitive útslach offisjeel fêststeld.

Dit betsjut dat de gemeente Ljouwert noch in wethâlder kwytrekket.

Harry van der Molen komt foar it CDA yn de Twadde Keamer en Thea Koster is per 1 jannewaris fan dit jier lid wurden fan de ried fan bestjoer fan it Deltion College yn Zwolle.

(Advertinsje)
(Advertinsje)