Wa hat dizze simmer plak foar in útfanhuzer?

17 mrt 2017 - 15:26

De organisaasje Europa Kinderhulp yn Fryslân sit ferlegen om gastgesinnen dy't yn de simmerfakânsje bern útfanhûs hawwe wolle. It giet om bern út Nederlân, mar ek út Frankryk, België en Dútslân dy't it thús dreech hawwe en der nea even lekker út binne.

Europa Kinderhulp krijt wol oanmeldingen fan gastgesinnen, mar it wurde der wol hieltyd minder. De organisaasje is benaud dat as der gjin nije oanmeldingen komme, der nee sein wurde moat tsjin de bern.

(Advertinsje)
(Advertinsje)