FIDEO: wat fine keunstners eins fan KH2018?

19 mrt 2017 - 07:09
Ateliergroep Nijlânsdyk - Foto: Finster op Fryslân

By Kulturele Haadstêd 2018 tinke jo al gau oan keunst en soksoarte saken. Mar wat fine Fryske keunstners eins fan Kulturele Haadstêd? De keunstners fan Ateliergroep Nijlânsdyk yn Ljouwert litte krityske lûden hearre oer KH2018. Mar watfoar krityk hawwe sy? En binne sy wol belutsen by KH2018? De kollega’s fan Finster op Fryslân makken in ‘longview’ oer de Ateliergroep Nijlânsdyk yn de âlde LTS. Oer harren miening oer Kulturele Haadstêd 2018, mar ek oer de takomst fan harren romte. De fraach komt op: wurdt it in mienskips- of in elitefeest?

(Advertinsje)
(Advertinsje)