Freedsmerk: "Rutte hat my al genôch koste!"

17 mrt 2017 - 14:19

Wat barde der in soad dizze wike: de ferkiezingen, de rel by it Turkske konsulaat yn Rotterdam en alles wat dêr allegear efterwei kaam. Op de Ljouwerter freedsmerk makken we de balâns op: is it lân der no op foarútgien of krekt net?

"Yn de polityk sil net folle feroarje", klinkt it op de freedsmerk. "Om't gjin partij der écht boppeút stekt." Guon minsken wiene bliid mei de útslach: "Goed foar de ekonomy, kinne we moai troch", oaren seagen dat hiel oars. "Ik baal derfan dat Rutte de grutste wurden is, dy man hat my al genôch koste!" Dat Wilders net de grutste wurden is, sjogge de measten as in posityf feit: "Nei Trump en de Brexit ha de minsken wol goed neitocht." Mar der wiene ek soargen: "Dat Denk-ferhaal, dat dy Turken har dêr yn sammelje en efter Erdogan oan rinne. Dat koe noch wolris in grut probleem wurde."

(Advertinsje)
(Advertinsje)