Iten wurdt net mear wei troch "kliekjesbank"

17 mrt 2017 - 13:58

De Kliekjesbank fan De Lemmer is in grut sukses. De klykjesbank is twa moanne lyn úteinsetten en hat al mear as 400 leden. Om noch mear leden te berikken sykje se no de gearwurking mei de Itensbank Lemsterlân. Dêrfoar hawwe se flyers meijûn oan de pakketten fan de itensbank. De klykjesbank wurket fia in besletten groep op Facebook. Dêr wurdt itensguod of ek wol komplete mielen oanbean.

Der dogge net allinnich minsken mei dy't it finansjeel dreech hawwe, mar ek studinten, allinnichsteanden en âlderen. Doel fan de klykjesbank is dat der minder iten fuortsmiten wurdt.

It idee komt fan Marleen Hulzinga fan De Lemmer. Yn har eigen wenplak dogge no al hûnderten minsken mei en ek yn Ljouwert, Snits en op It Hearrenfean ha minsken har oansletten. Neffens Hulzinga is der de ambysje dat yn de rin fan it jier op hûndert plakken yn Nederlân klykjesbanken aktyf binne. Yn Lemsterlân krigen klanten fan de itensbank fan 'e wike in folder mei oer de Kliekjesbank, om't dêr nei alle gedachten in soad fraach wêze sil om mei te dwaan.

(Advertinsje)
(Advertinsje)