Jongeren mei psychyske klachten sykje te let help

GGZ Friesland
Jongeren mei psychiatryske klachten wachtsje faak jierrenlang foardat se help sykje. Hoe earder yn it libben in psychiatryske sykte ûntstien is, hoe langer it duorret foardat jongeren oan de belle lûke.
Dat docht bliken út ûndersyk fan it UMC Grins yn gearwurking mei GGZ Fryslân. In minderheid fan de jongeren mei in psychiatryske sykte krijt profesjonele help. Mooglik wurde symptomen net opmurken, sizze de ûndersikers, omdat de omjouwing der gjin lêst fan hat.
Sy fine it wichtich dat âlden en leararen psychyske problemen herkenne, om der foar te soargjen dat jongeren op tiid de goede help krije. It giet dan ûnder oare om gedrachsproblemen lykas ADHD of ADD, eangststeurnissen en ferslavingsproblemen.
Sosjolooch Dennis Raven fan it UMC Grins hat in artikel skreaun oer it ûndersyk. Dat is keazen ta bêste artikel fan it ôfrûne jier op it mêd fan berne- en jeugdpsychiatry.